Voor deze website moet javascript zijn ingeschakeld, wat u kunt regelen via de voorkeuren van uw browser. Gebruik eventueel het Help-menu van uw browser om uit te vinden hoe dat moet.

FNP rikt Sulveren Fyts en Natuer- en Miljeupriis út

Kees Mourits (Fytsersbûn) en Doarpstún Snakkerbuorren yn de blommen

De Sulveren Fyts gie dit jier nei Kees Mourits út Ljouwert. Mourits is provinsjaal fertsjintwurdiger fan it Fytsersbûn yn Fryslân en set him al jierren yn foar de belangen fan de fytsers yn ús provinsje. Sa sprekt hy yn by tal fan gearkomsten om op te kommen foar de belangen fan de fytsers en skriuwt er ek brieven en mails nei bestjoerders út namme fan it Fytsersbûn. Útsoarte fytst Mourits sels ek hast altyd om it goede foarbyld te jaan. By de Sulveren Fyts heart ek noch in oarkonde.
Stichting Doarpstún Snakkerbuorren krige de Fryske Natuer- en Miljeupriis.  De Doarpstún is in mienskiplik projekt fan de ynwenners fan Snakkerbuorren, Lekkum en Miedum. Op de tún wurde op biologyske wize griente, fruit en blommen ferboud en yn eigen behear ferkocht. Ek wurde der aktiviteiten organisearre en binne der toaniel- en muzykútfieringen, lykas it iepenloftspul Snakkerbuorren. Koördinator fan de Doarpstún Geartsje Janssen fan de Doarpstún naam de priis yn ûntfangst. Dy bestiet út in Opal Prommebeam en in oarkonde.

 

De Sulveren Fyts wurdt alle jierren útrikt oan dy ynwenner fan Fryslân dy’t yn it brûken fan de fyts in foarbyld is foar oaren en him/har ynset foar de belangen fan fytsers. De Fryske Natuer- en Miljeupriis giet alle jierren nei in persoan, ynstelling of organisaasje yn Fryslân dy’t him/har ynset foar it behâld en fuortsterkjen fan de natuer en in skjin miljeu yn Fryslân.

 

De FNP hat sneon 3 jannewaris op de nijjiersgearsit yn Ljouwert wer de tradisjonele Sulveren Fyts en de Fryske Natuer- en miljeupriis útrikt. Beide prizen binne ynsteld troch de FNP en alle jierren siket de organisearjende ôfdieling, dit jier FNP-Ljouwert, dêr de kandidaten foar út. De Ljouwerter FNP-riedsleden Pier Tilma en Lyda Veldstra rikten de prizen út.

 

Website in beweging

En dêrom moatte jo de sides sa út en troch fernije (Ctrl-R of Cmd-R).
Oftewel: pagina vernieuwen met Ctrl-R (Win) of Cmd-R (Mac).

Openingstijden

Ma - Do
Vrijdag
Zaterdag
09.00 - 16.00
09.30 - 16.30
13.30 - 16.30

Contactgegevens

Het bezoekadres van de tuin is:
Stichting Doarpstún Snakkerbuorren
Oan'e Dyk 56
9083 AE Snakkerbuorren

E-mail:
info@dedoarpstun.nl

Telefoonnummer:
06-22901652

IBAN
NL50INGB 0005 0431 20

Links