Iepenloftspul Snakkerbuorren

FAN MÛZEN EN MANNEN (OF MICE & MEN – JOHN STEINBECK)

Iepenloftspul Snakkerbuorren hat Fan mûzen en mannen spile, it ferhaal fan in bysûndere freonskip.

De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij. Fan harren eardere wurkplak binnen se flechte om’t de ferstanlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft, mei alle gefolgen dêr neffens.

Op it nije wurkplak begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen – in eigen pleatske meid gewaaks, kninen en oare bisten – soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta…

Fan mûzen en mannen is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.